FIDEO: "Ineens zag ik een auto drijven, ik schrok me wild"

Lyset Hengst wie thús doe't se yn de gaten krige dat der wat mis wie. Foar har hús is in feart, en mei ien blik dêrop wist se dat it net goed wie: der lei in auto yn. De frou gie fluch nei bûten ta, en doe't bliken die dat der noch immen yn de auto siet hat se har gjin momint betocht en is se fuortendaliks yn aksje kaam om it slachtoffer te rêden. Korrespondint Jaring Rispens wie ek op it plak fan it ûngelok en socht Lyset nei alle argewaasje op, om te hearren wat der no krekt bard is.