Sjon Stellinga folget Gerda Postma op as wethâlder

Ald-boargemaster Sjon Stellinga fan Skiermûntseach wurdt de opfolger fan Gerda Postma yn Achtkarspelen. Postma stapte ferline wike op as wethâlder yn dy gemeente. Se wie teloarsteld oer de wurksituaasje yn de gemeente en fûn dat se gjin fierdere bydrage leverje koe as wethâlder.
De PvdA skoot no Stellinga nei foaren as har opfolger. Hy is gjin ûnbekende yn Achtkarspelen: tusken 2006 en 2010 wie Stellinga hjir ek wethâlder. Dêrnei wie er twa jier fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de gemeenteried fan Achtkarspelen.
Yn 2012 waard Stellinga boargemaster fan Skier. Dêr stapte er ferline jier op neidat bekend waard dat er in relaasje hie mei in jongere amtner fan de gemeente.