Ien ferwûne by botsing tusken twa auto's yn Mûnein

© De Vries Media
Twa auto's binne sneintejûn yn botsing kaam op de Kaetsjemuoiwei yn Mûnein. By it ûngelok rekke ien persoan ferwûne. Dizze persoan is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs oerbrocht. De skea oan beide auto's is grut. Troch de botsing bedarre ien fan de auto's yn de hage neist de dyk. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.