Jacques Monasch tinkt nei oer eigen politike partij

Twadde Keamerlid Jacques Monasch tinkt deroer in eigen politike partij te begjinnen. Monasch dy't moandei út de fraksje fan de PvdA stapt is, seit dat yn in ynterview mei de Volkskrant. Hy sil de kommende oardel wike dêroer in knoop trochhakke. De politikus seit dat in soad minsken him frege hawwe dizze stap te setten. Op it stuit fiert hy dêr noch petearen oer.
"Ik wil een partij die een sociaal hart én een gezond verstand heeft'', sa seit Monasch. Yn de Volkskrant pleitet hy ûnder oare foar in stranger asylbelied.
Monasch soe meidwaan oan de listlûkersferkiezing binnen de PvdA, mar luts him werom en ferliet sels de partij, om't neffens him allinnich leden meidwaan meie, wylst der just sprake wêze soe fan iepen ferkiezingen. Boppedat woe er ynfloed hawwe op it ferkiezingsprogramma. Monasch woe de partij fan binnenút feroarje.