KNMI jout koade giel fanwege glêdens

Glêdens (argyffoto) © ANP
It KNMI hat freed koade giel ôfjûn fanwege glêdens. Der is kâns op befriezing fan wiete dielen fan de dyk. Ferkear moat benammen foarsichtich wêze op brêgen en fiadukten.
Foar de kommende oeren wurdt der gjin reinwetter ferwachte. Wol is der neffens de Verkeersinformatiedienst (VID) kâns op mist. De kâns op glêdens hâldt de hiele jûn en nacht oan. Nei ferwachting is de situaasje sneontemoarn om 10.00 oere hinne wer foarby.