Sertifikaat útrikt foar advys by restauraasje tsjerken

De weropboude Clemenstsjerke op It Amelân © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
De Stichting Beheer Kerkelijke Gebouwen Noord-Nederland is sûnt koart sertifisearre as Erkend Monumenten Adviesbureau. De stichting hopet mei dy erkenning tsjerkebestjoeren en tsjerke-eigeners noch better stypje te kinnen as it giet om ûnderhâld, restauraasje en it sykjen fan oare bestimmingen fan tsjerkegebouwen.
De stichting SBKG ferwachtet sa ek sterker te stean yn it kontakt mei oerheden, want dy lûke har mear werom en dogge dan in berop op sertifisearre ynstânsjes.
Yn Fryslân is de SBKG belutsen by ûnder oare it ûnderhâld en de restauraasje fan de St. Clemenstsjerke op It Amelân en de protestantske tsjerke fan Terkaple.