A7 noch oeren ôfsletten troch kantele frachtwein by Drachten

Op de A7 by Drachten is freedtemoarn in frachtwein kantele. De sjauffeur hat mear as in oere fêstsitten yn de frachtwein. De helptsjinsten wiene manmachtich útriden en meiwurkers fan de ambulânse en de brânwacht besochten de man út de frachtwein te krijen. Ek de traumahelikopter wie oproppen. It is net dúdlik hoe't it mei de sjauffeur is, de man is nei it sikehûs yn Grins brocht.
De sneldyk is yn beide rjochtingen ôfsletten, om't de frachtwein de dyk blokkearret. Ferkear yn 'e omjouwing fan Drachten moat noch in grut part fan de dei rekken hâlde mei fertraging fanwege de berging en it ûndersyk.
De ferwachting is dat de dyk yn elk gefal oant fjouwer oere yn beide rjochtingen ticht bliuwt. Der stiet yntusken al in flinke file. Rykswettersteat is dwaande in alternative rûte op te setten. Neffens de ANWB duorret is noch wol langer, oant seis oere, foar't de dyk wer iepen giet.