Ried Súdwest-Fryslân akkoart mei ferheging toeristebelesting

Wettertoerisme yn Heech © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De gemeenteried fan Súdwest Fryslân is tongersdeitejûn mei in romme mearderheid akkoart gien mei it foarstel om de toeristebelesting mei 25 persint te ferheegjen. Fan 2017 ôf betelje toeristen dan 1,25 euro yn stee fan 1 euro de nacht. It is foar it earst yn jierren dat de gemeente dizze belesting ferheget. Doel is om op dizze wize jild binnen te krijen foar it yn de merk setten fan de regio. De helte fan de ekstra belestingynkomsten moat opgean oan kampanjes om mear toeristen binnen te heljen.
Undernimmers
De ûndernimmers yn Súdwest-Fryslân binne ferdield oer de ferheging. Sa binne guon benaud dat troch de hegere tariven minsken fuort bliuwe sille. Oaren binne lykwols bliid dat de gemeente lang om let jild útlûkt foar in goeie reklamekampanje.