Lêste monumint foar generaal Van den Bosch op Fryske grûn

It lêste fan 24 monuminten foar generaal Johannes van den Bosch is tongersdei yn Noardwâlde-Súd ûntbleate. De generaal wie de stichter fan de Maatskippij fan Weldadigheid en holp yn de 19e iuw earme gesinnen in bestean as boer op te bouwen.
Hy rjochte dêrfoar yn Nederlân ferskillende koloanjes op, sa as Wilhelminaoord, Frederiksoord, Willemsoord en Boschoord yn Drinte. It Fryske Noardwâlde-Súd is it ferbiningspunt fan dizze fjouwer koloanjedoarpen.
De monuminten, betonnen peallen mei in ôfbylding fan it gesicht fan Johannes van den Bosch derop, moatte mear omtinken jaan oan de histoarje fan de Drintske streek.