Plysje lit fertochte deadlik ûngelok Plataanlaan frij

© RTV Noord
De 45-jierrige ynwenner fan Grins dy't oanhâlden waard foar belutsenheid by it deadlike ûngelok mei in buske op de Plataanlaan yn de stêd sneontejûn, is frijlitten. De man bliuwt wol fertochte yn de saak, seit de plysje neffens RTV Noord. De man soe oan de hânrem lutsen hawwe
It buske mei dêryn fjouwer manlju ried tsjin in betonnen wand fan de ringwei. De 35-jierrige fuotballer Daniël Postema fan VV Waskemar kaam dêrby om it libben. De 26-jierrige bestjoerder leit noch altyd swier ferwûne yn it sikehûs.
De plysje is noch hieltyd dwaande mei it ûndersyk nei it ferkearsûngelok en hâldt noch in slach om de earm oer de tadracht. Foarearst wol de plysje noch gjin fierdere taljochting jaan út earbied foar de neibesteanden fan Postema, dy't tongersdei kremearre wurdt.