Dútske delegaasje op besite foar mear gearwurking

Logo KH2018
In politike delegaasje fan Sleeswijk-Holstein is freed op besite yn Fryslân. Reden is dat de Dútske dielsteat en Noard-Nederlân gearwurkje sille op it mêd fan ekonomy, ekology, enerzjy en Fryske taal en kultuer. It is de bedoeling dat der oer dat lêste freed praktyske ôfspraken makke wurde. Der wurdt ûnder oare praat oer de mooglikheden fan gearwurking foar Kulturele Haadstêd 2018. De delegaasje fan de Dútske dielsteat bestiet ûnder oare út de minister fan Justysje, Kultuer en Europa fan Sleeswijk-Holstein.