Learlingen wurde klearmakke foar de ienentweintichste iuw
Underwiisgroep Fier hat op in skoalle yn Stiens in leslokaal fol mei kompjûters, iPads en robots ynrjochte om de learlingen klear te meitsjen foar de 21-ste iuw. Yn dit spesjale leslokaal krije de bern út Stiens en omjouwing ûnder oare les yn it programmearjen fan kompjûters en it bestjoeren fan robots.
Neffens Fier binne se sa better taret op de takomstige wurkomstannichheden. Under de namme Innovatorium bied Fier it fernijende lespakket ek oan oan skoallen dy't net oansletten binne by de eigen ûnderwiisgroep.
It is it earste leslokaal fan syn soart yn Fryslân. Tiisdei waard it Innovatorium offisjeel yn gebrûk naam.