Op plak deadlik ûngelok hie in fangrail stean moatten

© RTV Noord
Der hie in fangrail stean moatten op de dyk yn Grins dêr't sneontejûn in 35-jierrige spiler fan fuotbalferiening VV Waskemar op it libben kaam by in slim ûngelok. Dat skriuwt RTV Noord.
It slachtoffer, Daniël Postema, botste mei in auto op in betonnen pilaar op de Plataanlaan yn Grins, dy't dus net ôfskerme wie mei in fangrail. Hy kaam dêrby om it libben en trije oaren dy't yn deselde auto sieten rekken ferwûne.
Op oare plakken op de krekt ferboude dyk stean al wol nije fangrails, mar krekt op dit plak hie de gemeente Grins fertraging oprûn by it pleatsen fan de fangrail.