Warskôging foar glêde diken
Minsken dy't fannacht en moarnier de dyk op moatte, moatte rekken hâlde mei de kâns op glêdens en mist.
Waarman Piet Paulusma ferwachtet yn de nacht fan moandei op tiisdei lichte froast. Sa'n +1 op de eilannen oant -1 of -2 graden op it fêste lân.