Harns: "Wy wolle Wim Smits net fuortjeie"

De fotowinkel fan Wim Smits yn de Foarstrjitte fan Harns moat mooglik ferhúzje, mar de gemeente wol Smits perfoarst net fuortjeie. Dat seit de gemeente yn in reaksje op in Facebookaksje dy't Harnzers begûn binne om Smits syn winkel hâlde te litten.
Neffens de inisjatyfnimmers fan de petysje wol de gemeente Smits fuort ha om in boekwinkel yn syn winkel te begjinnen. De ûndernimmer moat, as de plannen trochgean, in oar plakje sykje mar dêr hat Smits gjin nocht oan. Al 31 jier hat hy syn fotosaak oan de Foarstrjitte.
Sliepeleaze nacht
"Er werd me meegedeeld dat ik moet verdwijnen omdat ik niet in het concept van de gemeente pas." In grutte teloarstelling foar de fotograaf, "Ik was uit het veld geslagen. Ik heb toen de hele nacht niet geslapen en zit er nog steeds mee."
De gemeente is dwaande mei plannen om it museum Hannemahûs en de biblioteek mei-inoar te ferbinen. Smits sit dêr mei syn winkel tuskenyn en op dat plak soe in kultureel sintrum komme kinne. "Als je die verbinding tot stand wilt brengen en een aantal andere partijen daar een platform wil geven dan is het pand ertussen noodzakelijk", fertelt wethâlder Hein Kuiken.
"Geruchten kloppen niet"
"Dat er geruchten zijn dat de gemeente de winkel weg wil hebben is erg jammer. Ze kloppen niet. We vinden de winkel van Smits namelijk zeer belangrijk voor Harlingen. Velen maken gebruik van de diensten van de heer Smits en de gemeente wil de fotograaf dan ook graag op de Voorstraat behouden'', seit de wethâlder. Kuiken lit witte dat mocht it safier komme, de gemeente der alles oan dwaan sil om Smits te helpen in nij plakje te finen.
Mear as 1300 minsken ha ûndertusken de online-petysje tekene om de Harnzer fotograaf te stypjen.