Pia Dijkstra: "Ik fiel my noch altyd Frysk"

© Foto ANP
D66-Twadde Keamerlid Pia Dijkstra fielt har noch altiten Frysk. Dat seit se op Twitter tsjin de Ljouwerter krante. De krante hie sein dat de earste Fries op de list fan D66 foar de Twadde Keamerferkiezings op it 41e plak stiet. Dit is Sietze Schukking út Jirnsum.
Pia Dijkstra stiet op it fjirde plak en fynt sels dat sy de earste Fries is. Se twitteret: Nou, @lc_nl, ik voel me ook nog steeds wel Fries hoor. Ook al is het dan om utens.