Harnzers fiere aksje foar fotograaf Wim Smits

Fotograaf Wim Smits moat bliuwe. Dat is de ynset fan in Facebookaksje dy't Harnzers begûn binne foar de fotograaf. De petysje is al mear as 1250 kear tekene.
Neffens de aksjefierders wurdt Smits nei 31 jier syn winkel oan de Voorstrjitte útset troch de projektûntwikkeler. Dy soe it gebou ferkeapje wolle oan de gemeente, dy't in boekwinkel yn de winkel fêstigje wol.