Snits Wyt Swart ferliest mei 2-0 fan Silvolde

De fuotballers fan Snits Wyt Swart hawwe sneintemiddei yn de haadklasse mei 2-0 ferlern fan Silvolde. Al nei fjouwer minuten slaggen de gasten út Gelderlân der yn te skoaren en kamen de Snitser op 1-0 efterstân.
Nei de tee koe Wyt Swart ek gjin potten brekke. Daliks yn de 46e minút wist Silvolde opnij de bal yn it doel fan de thúsploech te sjitten: 2-0. De Snitser krigen noch in pear kânsen, mar koene dy net fersulverje en sa kaam der gjin feroaring mear yn de stân.
Yn it klassemint van de sneinshaadklasse A stiet Snits Wyt Swart no op in 7e plak mei 17 punten út 11 wedstriden.
De amateurs fan Hearrenfean gongen yn deselde klasse mei 3-0 ûnderút yn Heemskerk tsjin ADO '20.