Hûnderten Fryske bern krije dizze wike toskepoetsles
De GGD Fryslân hâldt fan moandei ôf foar de tredde kear de Fryske Toskepoetswike. Dat bart yn gearwurking mei de oplieding toskedokters-assistint fan ROC Friese Poort. Treddejiers studinten fan de oplieding sille de kommende wike op 37 basisskoallen yn de provinsje toskepoetsles jaan. Mei elkoar dogge hjir hast 900 bern oan mei.