Wer WK-limyt Marrit Steenbergen

Marrit Steenbergen (argyffoto) © awfoto.nl
Marrit Steenbergen fan Easterwâlde hat op de twadde dei fan it iepen NK swimmen koartebaan yn Hoofddorp in dield twadde plak helle op de 100 meter frije slach. De winst wie foar Ranomi Kromowidjojo yn 52.43. De 16-jierrige Marrit Steenbergen en Maud van der Meer klokten beide 54.54. Steenbergen foldie dêrmei oan de WK-limyt foar talinten. Freed hie se ek al de WK-limyt op de 200 frij helle troch winst op dy ôfstân.
Kinge Zandringa fan Ljouwert wûn de 200 meter flinterslach yn 2.16.98.