Eaststellingwerf komt opnij mei bonne-aksje foar minima

© ANP
De gemeente Eaststellingwerf werhellet de bonne-aksje wêrmei't minima klean- en skuon oanskaffe kinne. Ferline jier wie de aksje in grut sukses en dêrom hat it kolleezje besletten it no wer te hâlden. De aksje is bedoeld foar minsken mei in lytse beurs dy't bern oant en mei 17 jier ha. Sy moatte wol har gegevens oer harren ynkommen sjen litte oan de gemeente. Minsken dy't tinke dat se yn oanmerking komme foar de bonnen, kinne har melde by de gemeente.