Auto slacht oer de kop op rotonde De Jouwer

© CAMJO media
Op de rotonde by De Jouwer is sneontemiddei in bestjoerder mei syn auto oer de kop slein. De man rekke ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. It ûngelok barde by de ôfslach nei De Lemmer. In bergingsbedriuw hat de auto fuortsleept. It ûngelok soarge foar fertraging foar it oare ferkear.
De brânwacht fan De Jouwer waard ek oproppen, mar de bestjoerder wie al út de auto en dêrom koe de brânwacht wer werom nei de kazerne.