Radio-aksjefierders waarden Omrop-freonen

De feriening Freonen fan Omrop Fryslân fiert snein dat se 35 jier lyn oprjochte is. In feriening dy't ûntstie út in aksjegroep. In aksjegroep dy't yn 1979 hantekens sammele om Den Haach der fan te oertsjûgjen dat Radio Fryslân mear stjoertiid ha moast. Radio Fryslân stjoerde doe ien oerke deis út.
Sniewinter fan 1979
De sniewinter fan 1979 hie Fryslân trije dagen folslein yn de macht. Radio Fryslân wie in pear dagen it wichtichste kommunikaasjemiddel yn de provinsje. Trije dagen lang waard der hiele dagen útstjoerd.
FNP en ARJOS, de jongereclub fan de AR, fûnen dat Radio Fryslân mear stjoertiid fertsjinne. Clara de Boer en Bearn Bilker rjochten in aksjegroep op. Alle politike partijen en ferienings yn Fryslân waarden oanskreaun of krigen besite fan ien fan de aksjefierders en hast elkenien wie posityf.
Yn fjouwer moanne tiid waarden 34.000 hantekeningen sammele.
"In kâlde dûs"
Klaas Wielinga wie direkteur fan Radio Fryslân en net dalik entûsjast oer de aksje. Bearn Bilker: "Dat petear mei Klaas Wielinga, dat fielde as in kâlde dûs. Dy sei: Hoe sjogge jim dat? Hoe fôlje ik dat yn?" Wielinga seach allegear apen en bearen want de Fryske radio hie mar in hânfol meiwurkers en wêr moast hy it jild weihelje?
Grut draachflak
Op 7 juny 1979 waarden de hantekeningen oanbean oan Til Gardeniers, doe de minister foar Kultuur, Rekreaasje en Maatskiplik wurk. Dit feit hat net dalik mear stjoertiid foar de radio oplevere, mar it grutte draachflak fan Radio Fryslân yn ús provinsje hat letter seker bydroegen oan it krijen fan mear stjoertiid foar alle regionale omroppen.
Doe't nei likernôch twa jier de aksjegroep opheven waard is men trochgongen as de feriening Freonen fan Omrop Fryslân.
Yn Buro de Vries sjogge Clara de Boer en Bearn Bilker werom op dizze aksje foar Radio Fryslân.