Teaterstik oer Bauck van Popma yn Berltsum

© Bauck!
Yn Berltsum wurdt takom jier it teaterstik Bauck! opfierd. It giet om in produksje fan Sybe Joostema. Bauck! spilet him ôf oan de ein fan de midsiuwen. It ferhaal draait om Bauck van Popma. Se fersloech in oanfal op it slot Hemmema yn Berltsum, dêr't se mei har man Doecke van Hemmema wenne.
Bauck van Popma wurdt sjoen as strider foar de ienheid fan Fryslân. Letter wurdt se op fersyk fan har tsjinstanners fêstset yn de finzenis fan Grins. De earste audysjes foar it stik binne oare wike freed en sneon.