Provinsje mist stipe fan Ryk by oanpak foks en krie

It falt de provinsje ôf dat it Ryk net mear stipe jout foar de oanpak fan de foks en de krie foar de beskerming fan greidefûgels. Steatssekretaris Martijn van Dam hat dizze wike yn in brief oan de Twadde Keamer dúdlik makke wat hy docht foar de greidefûgels. Hy pakt de beskerming fan de fûgels op mei de provinsjes en in grut ferskaat oan oare partijen, lykas de boeren dy't oan agrarysk natuerbehear dogge.
Ferantwurdlik deputearre Johannes Kramer is dêr bliid mei en is ek goed te sprekken oer de help dy't Van Dam taseit by it binnen heljen fan Europeesk jild foar mear natuerynklusive lânbou. Mar as it giet om help mei it krijen fan mear draachflak foar de bestriding fan de foks en de krie, mist Kramer dy stipe wol.