Datasintrum yn toer Spannenburch iepene

It is mei syn 118 meter it heechste bouwurk yn Fryslân: de grutte toer by Spannenburch. It markante bouwurk hat tongersdei in nije bestimming krigen. It bedriuw ViaData fan It Hearrenfean fasilitearret hjir no dataopslach.
Yn de toer kinne grutte servers fan bedriuwen of ûndernimmers stean dêr't data yn opslein wurdt. Dy wurde strang befeilige, allinnich mei in print fan dyn fingerôfdruk kinst tagong krije. De toer waard tongersdeitemiddei feestlik iepene troch boargemaster Fred Veenstra fan gemeente De Fryske Marren.
Op de iepening kamen sa'n njoggentich bedriuwen ôf. Direkteur Robert Procee seit dat befeilige dataopslach tige wichtich wurdt foar de takomst. De toer wurdt troch de oerheid al brûkt as 'need-infrastruktuer' foar wannear't telefony of telefyzjestjoerders útfalle by rampen.