Stellingwerfsk festival hat lang om let genôch dielnimmers

It is dochs slagge om genôch dielnimmers te finen foar it Stellingwerfsk muzykfestival yn Easterwâlde. It festival soe al yn july fan dit jier hâlden wurde, mar doe wiene der mar fjouwer koaren, sjongers en bands dy't meidwaan woene. Doe is it festival ferskood nei 12 novimber en no binne der 8 acts dy't harren opjûn ha.
De organisaasje is yn hannen fan in spesjale wurkgroep fan de Stellingwarver Schrieversronte. In sjuery wiist de bêste Stellingwerver act oan. Ek is der noch in spesjale priis foar it meast orizjinele Stellingwerver liet.
Oan it Stellingwerfsk muzykfestival dogge mei: Spirit of the dark, Lammy Bruyns, The Lion Rules, Elser Smart, Serge Epskamp, 'k Wait Nait, De Scheve Schaats Band en Flashbang! Yn 2015 waard it festival wûn troch Lammy Bruyns. It festival wurdt hâlden yn de Miente yn Easterwâlde en de tagong is fergees.