"Fryslân boppe mei Grinzer keunstwurk by Iezumakeech"

It 'Er gaat niks boven Groningen'-keunstwurk is al Frysk fersierd © Merwin Kingma
Merwin Kingma wist tiisdei net wat er seach doe't er Facebook iepene: in Grinzer keunstwurk op Fryske boaiem! Mei de tekst "Er gaat niets boven Groningen".
Hy lei fuortendaliks de link mei de earedifyzje en dêryn stiet FC Grins bepaald net boppe SC Hearrenfean. Hy wie dan ek gau út de ried: "Ik krige al gau de ynjouwing om de teletekstside mei de stân op it keunstwurk te plakken. Ik haw it boppe it wurd 'boven' plakt en der ek noch in SC Hearrenfean-sjaal byhongen".
Merwin steurt him deroan dat de tekst "Er gaat niks boven Groningen" op Fryske boaiem stiet: "Grinslân nimt no dus in stikje Fryslân yn besit". Hy hat lykwols gjin hekel oan Grinzers: "Ik wurkje, wenje en studearje yn de Grins-Fryske regio en fyn Grinzers prima lju, se binne allinnich even fergetten wêr't de grins leit....."
Hy is dan ek net fan doel om noch mear aksje te fieren tsjin de Grinzers, it gie him der benammen om in died te stellen: "De Grinzers witte no dat it keunstwurk mei Grinzer roots yn Fryslân stiet. Yn it Lauwersmargebiet binne wy grutsk op ús moaie stikje Fryslân en dêr heart mar ien tekst op te stean: FRYSLAN BOPPE !!"
Woensdag sei wethâlder Van der Ploeg fan Dongeradiel al dat it keunstwurk oanpast wurde moast.