Fryske ambulânses wurde takom wike kontrolearre

Ambulânses © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Alle ambulânses fan UMCG Ambulancezorg yn Fryslân wurde oare wike kontrolearre op skea en de wurking fan de medyske apparatuer. Sa wurdt ûnder oare sjoen nei de hertmonitor, de ynfúspomp en de brankaar. Dit jier krijt elke ambulânse in nije tablet, mei in ferljochte toetseboerd. En omdat de sirenes nei ferrin fan tiid minder lûd wurde, wurde dy mei in desibelmjitter toetst oan de foarskriften.
De kontrôles wurde ynpland yn oerlis mei de Meldkeamer Noard-Nederlân, sadat der altyd genôch ambulânses beskikber bliuwe. De Fryske ambulânses wurde oare wike woansdei en tongersdei yn Ljouwert kontrolearre.