Nije rektor foar Friezetsjerke yn Rome

Pater Tiemen Brouwer nimt kommende snein ôfskied as rektor fan de Friezetsjerke yn Rome. Hy leit syn taak as rektor nei njoggen jier del. Emearitus biskop fan 's-Hertogenbosch Antoon Hurkmans folget him op. Der wurdt snein in spesjale eucharistyfiering hâlden yn de tsjerke foar de oerdracht. Dit wurdt live útstjoerd troch de KRO. De útstjoering begjint om 10.30 oere.
Pilgrimstjerke
De Friezetsjerke hat yn 2014 it 25-jierrich bestean fierd. Yn de tsjerke hingje Fryske flaggen en út en troch binne der Frysktalige tsjinsten. De Friezetsjerke wurdt ek wol sjoen as in pilgrimstsjerke. Jierliks wurdt er troch goed 10.000 minsken besocht. De provinsje Fryslân sil de Friezentsjerke yn Rome yn elts gefal oant en mei 2018 finansiere mei 8000 euro yn it jier.