FNV is lilk op skipswerf Veka om swart wurkjende Roemenen

Fakbûn FNV is lilk op skipsbouwer Veka op De Lemmer. Neffens it bûn hat de bouwer in grutte groep Roemenen oan it wurk dy't swart wurkje. Dêrmei ûntdûkt it bedriuw belesting en preemjes. De leankosten wurde op dizze wize drukt.
Neffens it fakbûn witte de belestingtsjinst en de oerheid derfan, mar wurdt der neat dien. FNV Metaal hâldt jûn op De Lemmer in byienkomst foar wurknimmers fan Veka. Ek de âld-wurknimmers fan it bedriuw, dat oant 2004 Bijlsma hjitte, binne wolkom.
Unearlike konkurrinsje
Neffens it fakbûn binne oare skipsbouwers ek net bliid mei de hannelwize fan Veka. Der is sprake fan ûnearlike konkurrinsje. Veka hat yntusken tasein dat se ynkoarten mei it fakbûn om tafel wol.