Kwaliteitkeurmerk foar prostaatkankersoarch Antonius Sikehûs

It Antonius Sikehûs yn Snits krijt in belangryk keurmerk foar prostaatkankersoarch. Dit wurdt takend troch de webside ProstaatkankerStichting.nl en de Nederlandse Federatie van Kankerpatiëntenorganisaties.
Om it saneamde griene finkje foar kwaliteit te krijen moat it sikehûs oan bepaalde betingsten foldwaan. Sa moatte der minimaal 20 prostaatferwideringsoperaasjes yn it jier dien wurde. Ek moatte der spesjalisearre ferpleechkundigen wêze.
Stomasoarch
Ek de stomasoarch yn it Antonius Sikehûs foldocht oan de heechste easken. Op de webside stomazorgwijzer.nl krijt it sikehûs in keurmerk foar de goede soarch. Om dit te krijen moat ûnder oare it kontakt tusken de pasjint en de soarchferlieners optimaal wêze.