Feteranen yn Súdwest-Fryslân krije ûnderskieding

Njoggentjin feteranen dy't yn de gemeente Súdwest-Fryslân wenje, krije freed in ûnderskieding. Se krijge de Draaginsigne Nobelprijs VN-militairen. Minister Hennis fan Definsje hat besletten dizze erkenning te jaan oan alle 9.000 Nederlânske feteranen dy't oant 1988 meidien ha oan ien fan de acht VN-fredesmissys.
Súdwest-Fryslân hâldt in offisjele seremoanje yn de Martinitsjerke yn Snits. Boargemaster Apotheker rikt de ynsynjes út.