Luipaard Bakari ferhuzet nei Súd-Afrika

It luipaard (loaihoars) Bakari ferhuzet tongersdei fan it Felida Big Cat Centre yn Nijeberkeap nei it Súd-Afrikaanske Lionsrock. Dêr sil it bist in better libben krije mei alle romte en soarch dat er fertsjinnet. Erin Timmer, syn fêste fersoarchster, reizget mei Bakari mei. Se sil it bist bot misse.
Spesjale bân
Bakari kaam by de rôfbiste-opfang doe't er twa moannen wie en no is er hast sân jier. "Hij heeft veel energie en ruimte nodig en die kunnen we hem hier niet bieden. Wel zien we dat zijn spierontwikkeling is toegenomen doordat we verhoogde plateau's in zijn verblijf hebben gebouwd, maar in Lionsrock kan hij lekker rennen en springen," fertelt Erin Timmer. Se hat in spesjale bân mei it bist opboud. "Hij maakt geluidjes als ik bij hem ben, een soort miauwachtige geluiden."
Vrijlating
Se sil him bot misse. "Ik reis mee en blijf er drie weken om hem daar te trainen en ik weet dat hij daar ook in goede handen is." Tongersdei giet it bist op transport. "We hebben getraind om hem in de transporkist te laten lopen, zodat hij niet verdoofd hoeft te worden." De flecht nei Johannesburg duorret tolve oeren en dêrnei folget noch in rit fan trije oeren nei it opfangsintrum. "Dan laten we hem vrij, dat is wel een spannend moment."