Dief krijt wurkstraf foar stellerij ROC Drachten

Laptop © ANP XTRA
In 23-jierrige man út Mearum hat in wurkstraf fan 240 oeren oplein krigen fanwege stellerij op ROC de Friese Poort yn Drachten. De man naam begjin dit jier laptops, tablets en beurzen mei. Dat die er mei help fan in tagongspaske, dat er stellen hie út de tas fan ien fan de personielsleden.
De man koe oppakt wurde mei help fan in lok-laptop fan de plysje. Nei syn oanhâlding die bliken dat de man ek ferantwurdlik wie foar stellerij op in skoalle yn Grins.
De stellerij soarge foar ûnrêst ûnder it personiel fan de Friese Poort, omdat de man allinne guod meinaam út romtes dêr't personielsleden komme koenen. Dy begûnen dêrtroch te twifeljen oan de yntegriteit fan elkoar.