Trije oehoes De Westereen op 'e kletter

Trije nuete oehoes binne ûntsnapt by De Westereen. Tiisdeitenacht is de foliêre achter it hûs fan de eigeners doelbewust iepenbrutsen. De eigeners pleatsen in oprop op facebook om de fûgels wer op te spoaren.
It wie earst net dúdlik oft se stellen wiene of 'frijlitten' mar it liket op it lêste. De gigantyske rôffûgels binne al in pear kear spot yn de omkriten. De fûgels falle dan ek wol op. Se binne 60 oant 70 sintimeter heech en hawwe in spanwiidte fan 1 meter 20. Se litte har net sa maklik fange neffens eigener Klaas de Vries.
Se lokke mei aas is dreech. "As se ien kear iten hawwe hoege se soms in pear dagen neat", fertelt de Vries.