CV-dokter helpt mei legere enerzjyrekken

Minima yn de gemeente Ljouwert krije help oanbean om de enerzjyrekken omleech te krijen. Sûnt woansdei kinne se in berop dwaan op CV-dokters en in enerzjycoach. De coach komt lâns en besjocht wêr't op besparre wurde kin, bygelyks in tochtstrip kin al in soad waarmte binnen hâlde. De CV-dokters sjogge nei de ôfstelling fan de tsjettel en de radiatoaren.
De ferwachting is dat in húshâlding al gau tusken de 10 en 20 persint besparje kin op de rekken. It projekt is ûnderdiel fan it earmoedebestridingsplan fan de gemeente.
Om't de prizen fan gas en elektra de ôfrûne tsien jier flink omheech gien binne, falt der troch goed te isolearjen in soad te besparjen. As dat net dien wurdt, dan hâlde minsken mei in útkearing neat oer, sa is de ferwachting.