Kollum: "Tsienzerbuorren

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.
"Tsienzerbuorren. Hollanners en bûtenlanners kin it wurd net iens útsprekke, likegoed waard it buorskip tusken Raerd en Reduzum wrâldnijs fan ’e wike. Fanwegen in dyk, de N354. Ferjit dat nûmer mar trouwens; it is gewoan de dyk Snits-Ljouwert. Ik ha dy dyk sa’n 15 jier twa kear deis riden. Noch nea in oanriding hân of sjoen, wylst de lju yn Tsienzerbuorren no sizze dat der alle dagen wol wat bard. Mar goed, elk ûngelok is ien tefolle.
Trije jier lyn ha’k op dit plak al ris konstatearre dat as de Sintrale As en Drachten-Easterwâlde klear wêze soene, dat dan de dyk Snits-Ljouwert oan bar komme moatte soe. Se bin by de beide oare diken noch oan it klauwen en no is it al safier. Deputearre Poepjes hie ek al wat tasein. Oer in fentwei en wat oanpassinkjes. Mar tusken tasizze en realiseare sit yn Fryslân likernôch fiif jier. Fansels, it is hiel lestich foar de lju dêre dy’t allegearre sa ticht op de dyk wenje en net in kant út kinne, wylst je noch wolris nei tsjerke of te fuotbaljen wolle. Op Tsienzerbuorren oerstekke is gefaarlik. Mar Sietske, dy dyk hat in folle grutter probleem.
Krekt as by al dy dwaze ferkearssitewaasjes dy’t yn Fryslân hân oer hân tanimme. As je bygelyks yn Drachten of Ljouwert ynienen op rotonden yn it sintrum útwike moatte foar fytsers en op oare rotonden moat dy fytsers wer ho hâlde, dan is dy sintrummaatregel net iens geunstich foar fytsers, want dy automan rekket op ’e doele en dêrmei is dy fytser twa kear it bokje.
Surhústerfean. Joechei, in nije dyk troch it sintrum. Neat joechei, in hopeleaze dyk. Auto’s moat parkearje op de fytsstroken. Dy hâlde ynienen op, dan fyts je spontaan tsjin de stoeprâne. It slimste: sebra’s wêrop de fuotgonger foarrang hat op de auto, mar wer net op de fytser. Dan moat buorfrou fan 80 dy’t oars sa moai noch nei de buorren koe, no mar thússitte, om’t se dêr neat mear fan begrypt. Meitsje foar Fryslân no ris in konsekwint Frysk ferkearsplan. Mar ja, soks ûntstiet allegearre troch al dy ûntelbere gemeenten dy’t sa folle eigen foech ha, dat se alles sowieso oars dwaan wolle as wa dan ek.
Der moat yn Fryslân nochal wat barre sa seit de ANWB. Dy dwazen wolle sels foar elke brêge in boerd wêrop stiet hoe lang as it duorret. En as it langer duorret om del, dan mar trochride? Der binne in Fryslân noch 150 knyppunten op provinsjale diken, sizze se. Ien dêrfan ha we sels dus ûntdutsen, Tsienzerbuorren. De dyk is smoardrok. Dêr komt noch wat by op ’t heden. Der giet net in frachtwein mear oer de rotonde fan De Jouwer. Lekker fia Snits ûnder de Houkesleat troch en dan nei Ljouwert. Om fan al de trochskuorrende lytse wurkbuskes mar te swijen. De Jouwer is tweintich jier te let. Wês no op tiid by Snits-Ljouwert.
Begjinne. Alderearst moat der om de fiif meter in snelheidsmeter stean. Ferbaliseare om it libben. Der wurdt fierstente hurd riden. De plysjes dy’t dêr steane moat ek allegear in kalasjnikov ha. Daliks sjitte op ien dy’t ek mar in beweging makket om in oar yn te heljen. Ynheljen kin nét op dy dyk. Sjit se derôf, de ûnhuerlingen dy’t it hieltyd wer dogge. En mei magnetyske helikopters de bumperklevers derút pikke en bûten de provinsje wer donderje litte. Dat is dêr nammentlik it aldergefaarlikst, dêr ûntstean ek de measte ûngelokken fan. De rotonde by Dearsum foar de ôfslach nei Frjentsjer is de iennige rotonde dêr’t ik it hast alle dagen meimeitsje dat elkenien foardringt. Der leit ek noch in folslein ûnnedige ovonde by de ôfslach nei Sibrandabuorren en de whiskybuorkerij. Ik ha der altyd tsjin west, mar lit it no mar; dat hellet de snelheid der noch in bytsje út. Al kin hiel wat fan dy golf-jonkjes mei de hannen los dy ovonde al mei 100 nimme. Dy trekker dy’t der oerstekke moat hat langer wurk as de boer fan Tsienzerbuorren op sneintemoarn.
As Sietske no daliks dizze maatregels nimt, dan kin der noch hiel lang moai op dy dyk riden wurde en fine se it yn Tsienzerbuorren net iens mear slim dat diken oanpasse yn Fryslân altyd te lang duorret."