Smoarge sleat wurdt leechpompt

De sleatten eastlik fan de pleats yn Frjentsjer dy't sneon foar in part ôfbaarnde wurde leechpompt. De sleatten binne bot fersmoarge mei bestridingsmiddels. Dy binne sneon mei it bluswetter yn de sleat bedarre.
De sleat rjochting de wenwyk is net swier fersmoarge mei bestridingsmiddels. Dat hat út mjittings bliken dien. Der binne hiel lege konsintraasjes fûn fan gewaaksbeskermingsmiddels. Dat siet bot ûnder it maksimum dat tastien is. Der is gjn gefaar foar de folkssûnens. De ôfsettingen by de sleat wurde fuorthelle.