Afgaan Sami wurdt definityf útsetten

Sami syn frou Iris mei dochterke Meral © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De 23-jierrige Afgaan Sami wurdt woansdei definityf útsetten. Om kertier foar ienen wurdt er op it fleantúch setten. Dat seit syn freondinne Iris dy't yn Ljouwert wennet. Protest tsjin syn útsetting hat net holpen. In lêtste fersyk om útsetting út te stellen of foar te kommen is tiisdei ôfwiisd. Dêrmei kin neat in útsetting mear foarkomme.
Iris en Sami binne seis jier by inoar en ha tegearre in dochterke fan oardel jier. Moandei hawwe se yn it útsetsintrum yn Rotterdam ôfskied fan mekoar naam.
Iris sil moarn sels ek nei Schiphol. Se tinkt net dat se Sami noch sjen sil, mar se wol sjen of se minsken dy't op deselde flucht sitte ynformearje kin oer harren situaasje.