Kaartferkeap Hessel en Tess foar Ziggo Dome rint goed

Sjonger Hessel en dochter Tess fan Skylge hawwe al sântûzen kaartsjes ferkocht foar it konsert op 4 febrewaris takom jier yn de Ziggo Dome. Eveneminte-organisaasje Mojo Concerts frege yn july 2015 oan it duo om nei Amsterdam te kommen. Heit en dochter fiere mei dat optreden it tsientûzenste optreden fan Hessel.
Der binne no noch trijetûzen kaartsjes oer. It sjongersduo ropt minsken op de kaartsjes fia Ticketmaster te keapjen, om't guon oare siden se djoerder oanbiede.
Het ruigere Terschelling
,,We willen met de show de ruigere kant van Terschelling laten zien: hoge golven, zeemannen, zeerovers en strandjutters, die sfeer. Eigenlijk gaat het over het leven op Terschelling in de wintermaanden'', fertelt Tess. ,,Maar de zomer komt ook eventjes terug: in het midden van de show gaan we een klein half uur kampvuurliedjes spelen bij een kampvuur op het podium'', foeget heit Hessel ta.
Ekstra ferfier
Hessel hat earder al optredens jûn yn Ahoy, Thialf en de Heineken Music Hall. Spesjaal foar bewenners fan Skylge dy't nei it konsert yn de Ziggo Dome wolle, wurde der ekstra fearboaten ynset. Sa kinne de besikers dyselde jûn wol wer nei hûs ta. Der ride ek spesjale bussen om besikers nei Amsterdam te bringen.
Scary World
Tess liet tiisdei ek foar it earst har nije single op de radio hearre. It giet om Scary World: ,,We leven in een roerige wereld, met aanslagen en achterdocht over andere zaken. Scary World gaat over of we hier nou bang voor moeten zijn of niet."