CDA yn Fryslân wol better mobyl berik yn de provinsje

© Omrop Fryslân
Der moat in better mobyl berik komme yn de provinsje. Dat seit de steatefraksje fan it CDA nei oanlieding fan it ûndersyk dat Omrop Fryslân en de NOS dien ha nei it berik fan mobile telefoans yn Fryslân. Dêr docht út bliken dat in soad minsken dêr problemen mei ha.
Omdat mobyl dataferkear tsjintwurdich fan libbensbelang is, moat der gau wat dien wurde oan dy problemen, fynt it CDA.