Stipepunt foar learlingen mei in beheining

ROC Friese Poort hat as iennichste skoalle yn Fryslân in stipepunt foar learlingen mei in beheining. It stipepunt wurket as learbedriuw Sterk en liedt minsken mei in ferstanlike beheining yn trije jier op neffens de Sterk-metoade. Dy metoade stiet foar Samen Toewerken naar Eigen Regie en Kracht.
Der binne no fiif minsken as learwurkstudint oan de oplieding ta saakkundige mei ûnderfining begûn, mar der is romte foar mear. As sy de oplieding dien hawwe kinne sy oare minsken mei in beheining helpe.