Piet Paulusma: "In winter fan krekt wol of krekt net"

We kinne kommende winter in oantal kearen in pak snie ferwachtsje. Ek moatte we rekken hâlde mei oerlêst foar it ferkear troch snie en glêdens en bestiet der in goede kâns dat we ride kinne op natueriis. Dat seit waarman Piet Paulusma.
Hy hat de waarkaarten bestudearre en tinkt dat it wol in wikseljende winter wurdt mei allegear soarten waar. Fan stoarm oant rêstich waar, mist, snie, glêdens, kâlde en minder kâlde perioaden. De winter soe dizze moanne al fan him heare litte kinne.
Mar neffens Paulusma kin it ek wolris in winter wurde fan krek wol of krekt net. Hy wol him noch net folslein fêstlizze op dizze winterfoarsizzing. Op 1 desimber kin Piet Paulusma mei mear sekerheid sizze hoe't de winter der út komt te sjen.