Positive reaksjes op Waadgebiet as moaiste fan Nederlân

De ferkiezing fan it Waadgebiet ta moaiste natuergebiet fan Nederlân ropt in soad positive reaksjes op by belutsenen. Foar Marco Verbeek fan stichting Holwert oan See is de ferkiezing in moai teken. 'We binne mei de goeie dingen dwaande. Dit jout ús in ekstra boost'', seit hy.
Verbeek is net bang dat de natuer sa wichtich wurdt dat it negative gefolgen ha kin foar de plannen fan syn stichting. "Us plannen passe goed binnen de natuerlike omjouwing. De Waadkust is no op in soad plakken net tagonklik. We moatte mei respekt omgean mei de natuer."
"Mar we moatte tagelyk ek sjen litte dat it der is. En dat dogge wy mei ús plannen.''
Harm Jan Wilbrink fan stichting Oan 'e Dyk yn Moddergat is ek bliid mei de oandacht dy't folget op de ferkiezing. De stichting hâldt al tsien jier Waadkuiertochten. Benammen de oankundiging dat it priisjild fan 300.000 euro benammen brûkt wurde sil om mear jongerein nei de Waadkust te lûken, slacht oan yn Moddergat. Wilbrink ferwachtet dêrtroch mear Waadkuierders. De stichting sil dêrom op syk nei mear frijwilligers om de kuierders te begelieden. Der binne no sa'n 25 frijwilligers aktyf. Dat moatte der mear wurde, mei om't de stichting net mei grutte groepen op 'en paad wol.