Slaanderij tusken twa bestjoerders op A32. Wa hat wat sjoen?

De A32 by Wurdum © Google Street View
De plysje siket tsjûgen fan in fjochterij dy't op 5 oktober wie op de sneldyk A32 tusken de ôfslach nei Wurdum en de ôfslach nei Snits. Twa bestjoerders hiene al sûnt de ferkearsljochten op de Oeriselseleane yn Ljouwert rûzje mei mekoar. Dit einige op de flechtstreek lâns de dyk. Dêr rûn de rûzje út yn slaanderij.
It giet neffens de plysje om de bestjoerders fan in swarte Opel Corsa en in swarte Nissan Qashqai. Sjoen de drokte op de dyk, tusken seis oere en kertier oer seizen jûns, moatte in soad minsken de fjochterij sjoen ha.