Weropboude Clemenstsjerke iepen mei Keunstmoanne It Amelân

De weropboude Sint Clemenstsjerke op It Amelân is mei de manifestaasje Keunstmoanne It Amelân de hiele moanne novimber iepen foar publyk. Yn febrewaris 2013 baarnde de tsjerke troch ûnbekende oarsaak hast folslein ôf.
It ôfrûne jier is hurd wurke om de tsjerke wer op te bouwen. Boutechnysk binne de wurksumheden yn en om tsjerke no klear. De oannimmer hat koartlyn de lêste bouwurksumheden útfierd en de kaai fan de tsjerke symboalysk oerlange oan it tsjerkebestjoer.
Trijedimensjonaal glês yn lead
De Hearrenfeanster keunstskilder Randolph Algera wie al in hiel skoft dwaande mei de ynrjochting en dekoraasje fan de tsjerke, mar foar him brekt no echt in spannende tiid oan. "Glazenier Hein van de Water uit Groningen heeft vandaag de glas in loodramen geplaatst in de Mariakapel. De kapel is nog niet helemaal af, want als kers op de taart zullen we begin 2017 nog een glas in loodraam plaatsen met een Mariabeeld in driedimensionaal glas. Dat wordt echt heel bijzonder. We zijn daar nog volop mee aan het experimenteren. In april 2017 hopen we helemaal klaar te zijn met alle werkzaamheden."
Keunstmoanne
Mei Amelanner Keunstmoanne brûke Randolph Algera en portretskilder Gabriëlle Westra de Clemenstsjerke as eksposysjeromte foar harren wurk. Westra wurket ek mei oan de weropbou fan de tsjerke: "Randolph makket foaral surrealistyske keunst. Ik meitsje benammen portretten. Tegearre hawwe we ek in keunstwurk makke fan in jonge frou yn Frysk kostúm yn Ruslân. Yn dat skilderij komme beide skildersfoarmen by inoar." Mei de keunstmoanne kinne minsken ek de tsjerke foar it earst fan binnen besjen. Algera: "Iedere donderdag, vrijdag en zaterdag geven wij rondleidingen door de kerk."
Feestlike iepening
Op snein 18 desimber wurdt de Clemenstsjerke offisjeel yn gebrûk naam mei in saneamde ferhústsjinst. Fise-foarsitter Joke Beekema: "We begjinne de tsjerketsjinst yn moetingssintrum De Toel, dêr't we de lêste jierren sitten hawwe. Healweis ferhúzje we letterlik nei de nije Sint Clemenstsjerke ta. We hawwe der echt nocht oan om oer te gean nei de nije tsjerke."