Fryske assistint-skiedsrjochters nei Champions League

Erwin Zeinstra mei it team yn training foar it EK © ANP
Meardere Fryske assistint-skiedsrjochters komme dizze wike yn aksje yn de Champions League. Erwin Zeinstra assistearret Björn Kuipers woansdei by de wedstriid tusken Juventus en Olympique Lyon.
Op dyselde dei hat Danny Makkelie de lieding oer it duel tusken Borussia Dortmund en Sporting Portugal. Hy hat twa Fryske assistinten mei: Mario Diks út Ljouwert en Hessel Steegstra út Snits. Ek de fjirde man, Jan de Vries, komt út Fryslân. De Vries komt út Gytsjerk.