Joël de Jong (14) hat jild foar sportproteze byinoar krigen

De 14-jierrige Joël de Jong fan Harns krijt in sportproteze. It jild dat dêrfoar nedich wie, is byinoar brocht. Dat skriuwt Renje de Jong, de mem fan Joël op Facebook. Neffens har is der sels noch wat jild oer foar ûnderhâld fan de proteze.
Troch botkanker mist Joël in grut part fan syn skonk en is it lestich om te sporten. In sportproteze kin him helpe, mar soks wurdt net fergoede troch de syktekostefersekerder. Dêrom waard de ynsammelingsaksje op tou set. Sels Foppe de Haan kaam nei Harns om in bedrach út it Foppe Fûns ta te sizzen.