Keunstfeiling Museum Belvédère bringt 52.000 euro op

It skilderij 'Sloot' fan Ruud van Empel
De keunstfeiling 'Vrij naar Mankes' fan Museum Belvédère op It Hearrenfean hat snein 52.000 euro opbrocht. Fan dit bedrach is 42.000 euro bestimt foar it museum. Belvédère hat jildneed en krijt foarearst gjin subsydzje fan de oerheid.
Op fersyk fan it museum lieten 130 keunstners har ynspirearje troch in skilderij fan Jan Mankes. It skilderij dat it measte jild opbrocht, wie 'Sloot' fan Ruud van Empel. It waard ferkocht foar 2.950 euro.
Direkteur-konservator Han Steenbruggen fan Museum Belvédère is ûnder de yndruk fan de totale opbringst. "We wisten van tevoren niet wat we konden verwachten, maar dit hadden we niet eens durven dromen."